Door op 18 januari 2016

Nijjierskuier

In goed begjin…

Mear as 30 leden hienen reagearre op ús útnoeging foar in kuier mei…, fansels, des PvdA’s, snert!

Doe ‘t de fúzje fan de trye gemeenten noch gjin beslach krigen hie, wie de PvdA nijjiersgearkomste mei snert yn Gaasterlân-Sleat al tradysje. Earne oars yn ‘e provinsje rinne PvdA leden oan ‘t begjin fan it nij jier in ein mei-inoar. En wat goed is, moat jo behâlde.

Dy kombinaasje fan earstens in eintsje rinne troch Balk, mei nei ôfrin snert ite, wie ôfrûne sneon goed sketten. Yn twa groepen, ûnder lieding fan Jur van Vegten en Sietske Dijkstra, rûnnen wy by de kaden fan de Luts del. Wat in prachtige gevels hat dit doarp, en wat in ryke histoarje. Is it doarp hjoed de dei bekind yfm de Alvestêdetocht, doe gong it om bûter, en earder, doe ‘t it plak Balk der noch net wie, spiele de spanning  tusken de doarpen Harich en Wyckel in grutte rol.

It rivierke de Luts wie de skieding tusken dy doarpkes en doe ‘t dêr in balk oer hinne lein waard om oan de oare kant te kommen, wie de namme Balk in feit. De Van Swinderens hawwe in protte foar Balk betsjútte. Wy rûnen efkes it museumke fan Johan Groenewoud yn, dy in moai argyf sammele hat (sjoch www.langsdeluts.nl.).

Geandewei gongen de winkels ticht, en wy op hûs oan. No ja, nei groepsakkomodaasje ‘De Helling’. Dit heart by ‘De Stipe’, it famyljebedriuw fan ús lid Sietske Dijkstra. De geur fan waarme snert kaam ús temjitte. Dat, tegearre mei de roggebrea mei spek, de dei koe net mear stikken…

Ús ôfdielingsfoarsitter Teunis van der Veen hat in koart wurd sprútsen. Wy wolle ús as bestjoer ynsette om ús hjoeddeistige leden te behâlden. Dy steane yn de nije gemeente te folle op ôfstân. Wy moatte wer yn ‘e kunde komme mei inoar, belútsen wêze, witte hoe ‘t it mei ús leden giet, inoar fêsthâlde yn tiden fan yndividualisearring . En de sosjaal demokrasy yn eare hâlde. Wy hawwe dêrta in oantal saken oppakt, lykas it Nijsbrief (Reade Razer)en dizze nijjierskuier.

Yn ferskate wurkgroepen yn it kader fan ‘Polityk ‘Van Waarde’ hawwe Teunis en Riek meidraait om te kommen ta in nije wize fan polityk bedriuwen. Op 30-1 wurde de útkomsten yn Drachten presintearre oan Hans Spekman. Eltsenien is hjirfoar fan herte útnoege!

Want it begjint fansels mei ús leden. Sy dy ‘t der 9-1 al by wienen, hawwe in gesellich skoft hân.

Dizze nijjierskuier, mei iten, wie in goed begjin fan 2016!

Oant in oare kear,

Nammen it ôfd. bestjoer,

Riek van der Vlugt